Leechste oantal Fryske coronabesmettingen yn oardel moanne

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 151 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. It oantal nije besmettingen hat yn oardel moanne net sa leech west.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn beeld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (26). Dêrnei komme De Fryske Marren (21) en Ljouwert (17).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om twa ynwenners fan De Fryske Marren, en ien fan Tytsjerksteradiel.
Der binne trije Friezen yn it sikehûs yn rekke mei corona. Dat giet om ynwenners fan Achtkarspelen, Eaststellingwerf en Opsterlân.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 3.714 coronagefallen fêststeld. Dat binne der in lytse 500 minder as in dei earder.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.