Op 'e nij sulver foar Antoinette de Jong op 3.000 meter

31 jan 2021 - 15:15

Antoinette de Jong is sneintemiddei twadde wurden op de lêste 3.000 meter op de wrâldbeker. De winst wie yn Thialf foar Natalia Voronina, dy't boppedat in nij baanrekôr ried. De Russyske wie mei 3.56,85 trije tsienden flugger as it baanrekôr dat Irene Schouten ferline wike ried. No einige Schouten as tredde.

Sulver foar Antoinette de Jong

Voronina fernuvere troch it baanrekôr fan Schouten te ferbetterjen, mar sawol Schouten as De Jong moasten dêrnei noch yn aksje komme. Beide Nederlânske froulju rêden it allinne net op. De Jong moast goed twa sekonden tajaan op de Russyske en Schouten mear as trije sekonden. Schouten einige mar krekt op it poadium, foar de Tsjechyske Martina Sáblíková.

Reina Anema ried snein stadiger as foarige wike op dizze ôfstân. Wêr't se ferline wike noch sechde waard yn 4.02,58 wie se no tsiende mei 4.04,17. It wie foar Anema har lêste wedstriid fan it seizoen, om't se har net pleatst hat foar it wrâldkampioenskip ôfstannen.

Foto: Orange Pictures

Utslach 3.000 meter froulju

1. Natalia Voronina (RUS) 3.56,85
2. Antoinette de Jong (NED) 3.58,90
3. Irene Schouten (NED) 4.00,15
4. Martina Sáblíková (TSJ) 4.00,59
5. Joy Beune (NED) 4.00,75
10. Reina Anema (NED) 4.04,17

De Jong kaam mei har twadde plak lyk mei Irene Schouten yn it wrâldbekerklassemint. Omdat Schouten ferline wike wûn, gie sy der mei de winst fan troch. Natalia Voronina waard tredde en Reina Anema moast tefreden wêze mei it achtste plak.

Wrâldbekerklassemint 3.000 meter froulju

1. Irene Schouten (NED) 108 punten
2. Antoinette de Jong (NED) 108 punten
3. Natalia Voronina (RUS) 94 punten
4. Joy Beune (NED) 88 punten
5. Martina Sáblíková (RUS) 86 punten
8. Reina Anema (NED) 68 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)