Bobslider Dennis Veenker fyftjinde by wrâldbeker Innsbruck

31 jan 2021 - 12:39

Bobslider Dennis Veenker fan Damwâld is snein yn de fjouwermansbob fyftjinde wurden by de wrâldbekerwedstriid yn Innsbruck. It Nederlânske team, mei dêryn ek Ivo de Bruin, Janko Franjic en Joost Dumas, sette yn Eastenryk oer twa runs in tiid del fan 1.43,44.

Foto: ANPFoto

Se wiene dêrmei 1.36 tellen stadiger as Dútske winners Francesco Friedrich, Thorsten Margis, Candy Bauer en Alexander Schueller.

Ferline wike waarden de Nederlanners noch sechtjinde en earder hellen se al in achttjinde plak op de wrâldbekers. Op it EK waarden se earder dizze moanne tsiende.

(Advertinsje)
(Advertinsje)