Ried Noardeast-Fryslân praat yn spoeddebat oer Waddenagenda 2050

31 jan 2021 - 11:23

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslân komt takom tiisdei fysyk gear foar in ekstra debat oer de Waddenagenda 2050. B. en W. wolle in ferklearring foar de plannen mei it Waadgebiet ûndertekenje, tsjin de sin fan in mearderheid yn de ried. Wichtich punt is it bûtendyks lân, wat grutte gefolgen hat foar boeren.

Foto: RTV NOF. Ben de Jager

Der is 4000 bunder bûtendyks lân yn de gemeente. Dêrfan wurdt 1000 bunder brûkt as simmerpolder. Yn de Waddenaginda 2050 wurdt it brûken fan dy simmerpolders net swart op wyt fêstlein. It plan is de polders tagonkliker te meitsjen foar it seewetter.

Boeren yn de knipe

Meardere partijen yn de gemeenteried binne dêr net bliid mei. Boeren kinne dan yn de knipe komme, omdat it seewetter dan oan de seedyk ta komt en dus streekrjocht grinzet oan harren lân achter de dyk. It grûnwetter ûnder de boulannen wurdt dan sâlter en dan is de opbringst leger. Op 21 jannewaris is der in moasje oannaam yn de gemeenteried om de yntinsjeferklearring Waddenagenda 2050 net te ûndertekenjen.

Rjocht op ûndertekening

In mearderheid yn de ried hat dan ek fragen oer de plande ûndertekening troch boargemaster en wethâlders op 3 febrewaris. It kolleezje fan B. en W. hat ein jannewaris mei in brief oanjûn dat sy brûkmeitsje fan it rjocht dat it kolleezje hat en dat se de yntinsjeferferklearring wol ûndertekenje wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)