Hearrenfean sûzet nei doelpuntleas lykspul tsjin FC Twente

31 jan 2021 - 14:11

Sportklup Hearrenfean is sneintemiddei net fierder kaam as in 0-0 lykspul tsjin FC Twente. Yn Enschede wie de ploech fan Johnny Jansen foaral oan it ferdigenjen, en kaam it goed fuort omdat Twente it fizier net op skerp hie.

Foto: Orange Pictures

Krekt as yn de wedstriid tsjin Feyenoord, dy't woansdei mei 3-0 wûn waard, keas trainer Johnny Jansen foar in 4-4-2 opstelling. Trochdat Twente dizze wike lyk spile tsjin Sparta Rotterdam, is it ferskil mei de ploech fan âld-Hearrenfeantrainer Ron Jans noch mar fjouwer punten.

Sûzjend

Beide ploegen liken yn it begjin fan de earste helte noch net echt wekker. Twente socht de oanfal mar kaam net fierder dan in skot fan Danilo dat foar it doel fan Erwin Mulder del gie. Hearrenfean moast it foaral ha fan rappe tsjinoanfallen, mar ek de Friezen kamen net ta grutte kânsen.

Twente waard hieltyd sterker en ûnder oaren âld-Hearrenfeanspilers Kik Pierie en Luciano Narsingh kamen ta in skot, mar de ynsetten fan beide spilers wiene net skerp genôch. Hearrenfean kaam pas yn de lêste minút fan de earste helte ta de earste kâns: in skot fan Joey Veerman waard tsjinhâlden troch Pierie.

Mear yn 'e oanfal

Nei it skoft gie Hearrenfean mear nei foaren, en al nei in pear minuten soarge dat foar in kâns foar Siem de Jong. It skot fan de middenfjilder gie lykwols fia de foet fan Pierie oer de efterline. Mar Twente koe der sa no en dan goed útkomme, bygelyks fia Queensy Menig. De oanfaller skeat yn de 67e minút sels raak, mar dat doelpunt waard ôfkard omdat Narsingh bûtenspul stie.

Om't Hearrenfean noch altyd net ta grutte kânsen kaam, keas Jansen om it alvetal oan te passen. Benjamin Nygren kaam yn it fjild foar Mitchel van Bergen, mar dat soarge net foar mear oanfallende mooglikheden by de Friezen, dy't it lêste kertier foaral drok wiene mei it tsjinhâlden fan Twente. Ek it ynbringen fan Rami Hajal en Jan Paul van Hecke feroare dêr neat oan.

Sa sûze Hearrenfean dus nei in doelpuntleas lykspul en kaam it noch goed fuort, bygelyks doe't Luka Ilic fan tichteby hurd oerskeat. Mei it lykspul bliuwe de Feansters op it njoggende plak yn de earedifyzje stean, mei ien punt foarsprong op Heracles Almelo en Fortuna Sittard.

FC Twente - SC Hearrenfean 0-0 (0-0).

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Dresevic (80/Van Hecke), Bochniewicz, Kaib; Halilovic, Kongolo, J Veerman, De Jong; Van Bergen (69/ Nygren), H. Veerman (80/Hajal).

(Advertinsje)
(Advertinsje)