Bankpassen en racefyts stellen by ynbraak yn Ljouwert

Yn Ljouwert is sneon twa kear ynbrutsen. Ut in wenning oan de Oostersingel waarden sneontejûn tusken 18.30 en 19.00 oere bankpassen en in racefyts fan it merk Cinelli stellen.
© Plysje Ljouwert
Fierders hat yn de nacht fan freed op sneon ek in ynbraak west oan de Hottingastate. Dat moat earne tusken 00.30 en 8.00 oere west hawwe. Oft en wat dêr eventueel meinaam is, fermeldt de plysje net.
Foar beide saken siket de plysje tsjûgen. Minsken dy't wat sjoen of heard hawwe, kinne belje mei 0900 - 8844.