Dronebylden: Wûndermoaie wite winterwrâld

31 jan 2021 - 16:32

De froast fan de ôfrûne nacht hat in wyt laachje oer de wrâld lein. De sinne derby makke it byld noch ekstra moai. Hjirûnder binne bylden te sjen dy't makke binne mei in drone, by de Smelle Ie en op de Feanhoop.

Winter yn Fryslân

Omrop Fryslân kriget bulten foto's binnen fan de wûndere wite winterwrâld. Hjirûnder is in seleksje te sjen fan de moaiste bylden.

Hasto in moaie, aktuele waarfoto yn Fryslân makke? Stjoer dan hjir dyn foto yn! De moaiste waarfoto's stjoere wy middeis út op tv, komme hjir op Piets waarside en op ús social media.

Trefwurden: 
winterwaar
(Advertinsje)
(Advertinsje)