Earste reedriders op natueriis op Ryptsjerksterpolder: Kin it wol of kin it net?

31 jan 2021 - 15:10

Foar it earst dizze winter is der wer riden op natueriis. De earsten weagen harren sneintemoarn op de tinne iislaach op de ûnderrûne Ryptsjerksterpolder by Ljouwert. Ofrûne nacht hat it hurd genôch ferzen foar in laachje iis fan in pear sintimeter. Besjoch de bylden.

Earste reedriders op natueriis Rypstjerksterpolder

De reedriders binne hiel entûsjast. It is efkes besykjen en eins kin it net, seit in frou. Mar se wolle hiel graach efkes op izers stean. In man seit: It is kile kile. It kin krekt. Wer in oarenien: "It is prachtich. It iis is in bytsje tin. Mar dochs, de earste meters kinne se ús net mear ôfnimme."

"It kin noch net"

In oare man rint mei in pripstôk by de tinne iisflier del. Hy wol kontrolearje hoe tsjok oft it iis is. It kin noch net, seit er. Oan de kanten kinst in lyts bytsje stean, It wie -7 graden, mar it iis is noch net tsjok genôch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)