Aris Ljouwert yn twadde helte ûnderút tsjin ZZ Leiden

30 jan 2021 - 21:39

Aris Ljouwert hat sneontejûn foar de twadde kear dit seizoen ferlern. Yn de Vijf Meihal yn Leiden waard mei 75-63 ferlern fan ZZ Leiden. Tim Hoeve wie mei 19 punten de topskoarer oan de kant fan de Ljouwerters.

Foto: Orange Pictures

Aris gie in grut part fan earste helte oan de lieding, mar krekt foar it skoft kaam Leiden op likense hichte. Dêrmei giene beide teams mei 33-33 oan de tee. Yn de twadde helte krige Leiden de oerhân. Benammen yn it lêste kwart koe de Súd-Hollânske ploech by Aris fuortrinne. De oerwinning gie úteinlik mei 75-63 nei Leiden.

Aris stiet no mei fjouwer punten út fjouwer wedstriden op it sechde plak yn de kompetysje. Dat is it plak wêr't trainer Ferried Naciri him yn earste ynstânsje ek op rjochtet. Dat plak jout nammentlik rjocht op in plak yn de winnerspûl en in ticket foar de play-offs om it lânskampioenskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)