Plysje manmachtich oanwêzich yn Ljouwert: persoan mei boksbûgel oanholden

30 jan 2021 - 21:07

De plysje is sneontejûn manmachtich oanwêzich yn Ljouwert. Benammen yn it sintrum fan de stêd is in soad plysje. Boargemaster Sybrand Buma kundige earder op sneon in needferoardering ôf fanwegen sinjalen foar mooglike ûnrêst yn de Fryske haadstêd.

Foto: CAMJO Media

De plysje hat sneontejûn tusken it yngean fan de needferoardering en it yngean fan de jûnsklok ferskate minsken fûillearre. Dêrby is by ien persoan in boksbûgel oantroffen. It wapen is yn beslach naam en de persoan is oanholden.

Op twa plakken yn de stêd waarden op sosjale media demonstraasjes oankundige. Dit gie om de omjouwing fan de Koepeltsjerke en de omjouwing fan it Zamenhofpark. Hjir kaam wat jongerein op ôf, mar de plysje wie yn oertal. Ta grutte ûngeregeldheden kaam it net.

(Advertinsje)
(Advertinsje)