Jorrit wint de massastart op syn 'Bergsma's'

30 jan 2021 - 17:59

Jorrit Bergsma hat sneon de wrâldbekerwedstriid op de massastart op syn namme skreaun. De Boarnster die dat op syn 'Bergsma's', troch in grut oantal ronden foar de ein fuort te springen út it peloton. De Rus Danila Semerikov besocht noch wol om Bergsma by te heljen, mar dat slagge him net.

Jorrit Bergsma nei de massastart

By de earste wrâldbekerwedstriid ferline wike gie der ek al in Fries mei de oerwinning fuort. Doe wûn Arjan Stroetinga de einsprint. Sneon ried Bergsma net mei Stroetinga mar mei Victor Ramler, om't de bûnscoach ek in oar de kâns jaan woe. Foar it WK ôfstannen is Bergsma al wis fan in startplak op de massastart, sa joech bûnscoach Jan Coopmans ferline wike oan by Omrop Fryslân. De fraach is wa't neist Bergsma it twadde startplak krijt, mar dat sil nei alle gedachten Stroetinga wurde.

Foto: Orange Pictures

Schouten oppermachtich

Ek by de froulju gie der in Nederlânske rider mei de oerwinning fuort. Lykas ferline wike wie Irene Schouten de rapste yn in einsprint. De Kanadeeske Ivanie Blondin like nei de oerwinning te sprinten, mar yn de alderlêste meters fleach Schouten der noch foar by. Sneon ried Schouten mei Melissa Wijfje, ferline wike krige Marijke Groenewoud de kâns. Nei dit wrâldbekerwykein sil Coopmans syn definitive seleksje trochjaan foar de ploege-ûnderdielen, lykas de massastart en de efterfolging.

(Advertinsje)
(Advertinsje)