Omrop TIP: Wêrom hat de wrâld froulike lieders nedich?

30 jan 2021 - 16:54

Wêrom hat de wrâld froulik liederskip nedich? Oer dy fraach bûge trije froulike saakkundigen har snein 31 jannewaris yn in spesjale tema-útstjoering fan it radioprogramma Buro de Vries.

Annemarie Jorritsma - Foto: ANP

Ciska Wijmenga is de earste froulike rector magnificus fan de Ryksuniversiteit Grins. Annemarie Jorritsma is âld-boargemaster fan Almere en âld-minister fan Ferkear- en Wettersteat en Ekonomy. Sy is ek aktyf by Topvrouwen.nl. Jolanda Holwerda is ekspert op it mêd fan froulik liederskip en oprjochter fan de Lof Academy.

Rûnetafelpetear

Hokker rolmodellen binne der, wat binne de falkûlen en hokker froulike eigenskippen kinst goed ynsette? Hoe hâldst dy steande yn in maskuline bedriuwskultuer en hoe feroarest sa'n kultuer? En wat binne eins de ferskillen yn lieding jaan (as dy der binne) tusken manlju en froulju en wat fernimme wy dêr yn de maatskippij fan? It binne mar in pear fan de fragen dy't snein oan bod komme sille yn in rûnetafelpetear ûnder lieding fan programmamakker Geartsje de Vries.

Jolanda Holwerda - Foto: Merlijn Doomernik

Buro de Vries: snein om 11.00 oere en om 21.00 oere (werhelling) op 'e radio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)