Trije op in rige foar Femke Kok op de 500 meter

Femke Kok hat sneon foar de tredde kear op rige de wrâldbekerwedstriid op de 500 meter wûn. Yn Thialf wie Kok mei 37,23 te fluch foar Angelina Golikova, dy't yn 37,29 twadde waard. Vanessa Herzog einige as tredde. De oare twa Friezinnen, Michelle de Jong en Marrit Fledderus, kamen net yn 'e buert fan it poadium.
Femke Kok nei de 500 meter
Ferline wike prestearre Kok al wat unyks troch yn ien wykein twa wrâldbekers op de 500 meter te winnen. Dêr heakket se no ek in tredde wrâldbekeroerwinning oan ta. De iepening fan de rydster fan Team Reggeborgh wie tige rap, mei 10,38 sels flugger as beide races ferline wike. Uteinlik kaam dêr mei 37,23 in tiid út dy't tusken de beide tiden yn sit fan ferline wike, doe't se 37,08 (sneon) en 37,27 (snein) ried.
De grutste konkurrinte fan Kok, Golikova, kaam ferline wike twa kear net fierder as 37,30. No die se dat wol mei 37,29, mar it betsjutte dat se noch wol in gatsje litte moast mei Kok.
Michelle de Jong ried ferline wike twa persoanlike rekôrs, mar kaam dêr mei 37,91 no net by yn 'e buert. Se moast tefreden wêze mei it achtste plak. Marrit Fledderus mocht dit wykein twa kear de 500 meter ride troch in ôfsizzing fan Jutta Leerdam en finishte yn 38,22. Dêrmei waard se fyftjinde.
Snein stiet in twadde 500 meter op it programma yn Thialf.
© Orange Pictures

Utslach 500 meter froulju

1. Femke Kok (NED) 37,23
2. Angelina Golikova (RUS) 37,29
3. Vanessa Herzog (EAS) 37,40
4. Olga Fatkulina (RUS) 37,58
5. Heather McLean (KAN) 37,69
8. Michelle de Jong (NED) 37,91
15. Marrit Fledderus (NED) 38,22
Femke Kok stiet mei trije oerwinningen út trije races mei 180 punten boppe-oan yn it wrâldbekerklassemint. Golikova stiet mei 162 punten op it twadde plak en it tredde plak is mei 134 punten foar Olga Fatkulina. Dat betsjut dat Kok snein oan in twadde plak genôch hat om it klassemint op har namme te skriuwen.

Wrâldbekerklassemint 500 meter

1. Femke Kok (NED) 180 punten
2. Angelina Golikova (RUS) 162 punten
3. Olga Fatkulina (RUS) 134 punten
4. Heather McLean (KAN) 131 punten
5. Michelle de Jong (NED) 110 punten
22. Marrit Fledderus (NED) 56 punten