Boargemaster Buma kundiget needferoardering oan foar Ljouwert: 17.00 oant 4.30 oere

30 jan 2021 - 16:16

Der is fan 17.00 oere ôf in needferoardering ôfkundige foar de stêd Ljouwert. Fanwege sinjalen fan mooglike ûngeregeldheden hat boargemaster Sybrand Buma de needferoardering oankundige. De folsleine beboude kom fan de stêd is oanwiisd as feilichheidsrisikogebiet. Dat betsjut dat elkenien yn de stêd fûillearre wurde kin. De oprop oan elkenien is om net yn it oanwiisde gebiet te kommen en net mear nei bûten te gean.

De plysje yn Ljouwert fûillearret minsken yn it sintrum fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneontejûn tusken it yngean fan de needferoardering en it yngean fan de jûnsklok ferskate minsken fûillearre. Der is in hiel soad plysje oanwêzich yn de stêd, wêrûnder ek de ME. Ta ûngeregeldheden kaam it oant no ta net.

Boargemaster Buma

"Ik besef dat dit een zware maatregel is, die neem ik dan ook niet zomaar. Met deze maatregel kunnen we de rust bewaren in onze stad als het uit de hand dreigt te lopen", sa seit boargemaster Buma. Hy seit noch wol mei klam dat it net giet om in betide jûnsklok. De winkels bliuwe iepen en minsken kinne noch gewoan nei hûs ta gean.

"We hebben op dit moment aanwijzingen dat er in de gemeente onaangekondigde samenkomsten worden georganiseerd. Er zijn daarbij signalen dat deze ook tot schermutselingen met de politie kunnen leiden en die signalen neem ik serieus."

De needferoardering en de oanwizing fan it risikogebiet is út foarsoarch ynsteld seit de gemeente. It is derfoar bedoeld dat de plysje en gemeente rap yngripe kinne as it safier komme soe.

'Nimme demonstraasjerjocht serieus'

Buma: "Wij nemen het recht op demonstreren zeer serieus, maar de afgelopen tijd zijn onaangekondigde samenkomsten in andere steden vaak uitgelopen in ongeregeldheden. Hierbij werd een hoop schade toegebracht aan de omgeving. Laten we met elkaar trots op Leeuwarden blijven door geen ellende te veroorzaken. Wij willen allemaal dat de coronamaatregelen snel voorbij zijn om weer samen te kunnen komen en plezier te maken in alle vrijheid."

Boargemaster Sybrand Buma oer de needferoardering

Ofrûne moandei jilde ek in needferoardering yn Ljouwert. Yn Smellingerlân is woansdei in feroardering ynsteld oant en mei tiisdei 2 febrewaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)