Michel Vlap makket op hierbasis oerstap nei Bundesliga

30 jan 2021 - 16:03

Michel Vlap spilet de rest fan it seizoen yn de Dútske Bundesliga. Promovendus Arminia Bielefeld nimt de Snitser op hierbasis oer fan it Belgyske Anderlecht. Vlap moat allinne noch in medysk keuring hawwe. Vlap komt út de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean en makke fan 2014 oant 2019 diel út fan de earste seleksje.

Foto: Orange Pictures

Vlap komt yn Brussel dit seizoen net oan in soad spyltiid ta. De Fries kaam alve kear yn aksje foar de Belgen, mar makke mar ien kear de folle 90 minuten mei.

Fyftjinde plak

Arminia stiet op it stuit op it fyftjinde plak yn de kompetysje. Dat plak moatte se behâlde om wis te wêzen fan noch in seizoen Bundesligafuotbal. As de medyske keuring goed ferrint, slút Vlap moandei oan by de seleksje fan de Dútsers.

Arminia hat gjin opsje ta keap. Vlap keart nei syn hierperioade dus wer werom nei Anderlecht. Dêr hat hy noch in kontrakt oant de simmer fan 2024.

(Advertinsje)
(Advertinsje)