RIVM: 181 nije besmettingen fêststeld, trije stjergefallen meld

30 jan 2021 - 15:21

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 181 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der fiif minder as freed. Doe gie it om 186 besmettingen. Gemiddeld binne der de ôfrûne wike alle dagen 182 minsken besmet rekke mei it coronafirus.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn beeld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (32). Dêrnei komme Ljouwert mei 28 en Tytsjerksteradiel mei 21 besmettingen.

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren trije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. It giet om ynwenners fan de gemeenten Smellingerlân (2) en Tytsjerksteradiel (1).

Der binne twa Friezen yn it sikehûs yn rekke mei corona. Dat giet om ynwenners fan De Fryske Marren en Achtkarspelen.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 4.211 coronagefallen fêststeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)