Luts yn Balk stremd; Alvestêdetochtsilers moatte omfarre

30 jan 2021 - 14:53

Fjouwer wintersilers binne freed úteinset mei in Alvestêdetocht yn in falkje foar it goede doel. Dat falt net ta, want om alle brêgen te passearjen, moat de mêst sawat 130 kear strutsen wurde en wer omheech. Sneon die bliken dat by Balk de Luts stremd is en sadwaande moasten de 'lange-ûnderbroeksilers' werom oer de Sleattemermar nei Wâldsein.

Luts yn Balk stremd; Alvestêdetochtsilers moatte omfarre

Freed, de earste dei fan harren tocht, wie it kâld en reinich, mar sneon is it in moaie dei mei in goede wyn, seit inisjatyfnimmer Rinke Bergsma. De silers binne begûn yn Akkrum. Se sette ôf flak foardat it ljocht wurdt en gean troch oant de jûnsklok.

Luts

Se binne fan Sleat nei Akkrum ta fearn, en dêrnei nei Balk. Dêr soene se troch de Luts, mar se wiene fergetten dat it rivierke fanwege wurk stremd is. Der leit in grut ponton yn. Doe binne se mar nei Wâldsein ta gien en dêr de Fluezen oer, sa is it doel. "Efkes lekker knalle", seit Rinke.

SailWise

De silers wolle mei de tocht jild ophelje foar SailWise, in organisaasje dy't wettersport oanbiedt foar minsken mei in beheining. De stichting past ek boaten oan foar minsken mei in lichaamlike beheining. Dat kin bestjoering wêze mei inkeld it kin, foar minsken mei in dwarslaesie, of in kompas dat op gehoar of sicht giet.

De silers hawwe kontakten mei oare falkjes dy't ek wol meisile wolle, mar dat is dit jier net mooglik yn ferbân mei it coronafirus. Mooglik pakke se takom jier grutter út.

Mear oer de aksje fan de wintersilers is te finen op de webside Streven naar afzien.

Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei de roeiers

(Advertinsje)
(Advertinsje)