De Jong is hiel fluch op 1.500 meter, mar dochs is it goud foar Bowe

30 jan 2021 - 14:47

Antoinette de Jong is sneon as twadde einige op de 1.500 meter by de wrâldbeker yn Thialf. De Rottumse ried in hiele rappe tiid fan 1.53.81, mar de Amerikaanske Brittany Bowe wie mei 1.43,55 it fluchst. Ireen Wüst pakte it brûns mei 1.54,22.

Antoinette de Jong nei 1.500 meter

De tiid fan De Jong wie har rapste ea yn Thialf en ek flugger as de tiid wêrmei't Bowe ferline wike de wrâldbekerwedstriid wûn. Mar dêr't De Jong in stik rapper wie as ferline wike, jilde dat ek foar Bowe. 1.53,45 siet mar 0,35 sekonde boppe it baanrekôr yn Thialf. Ek Wüst wie flugger as ferline wike, mar har tiid brocht har ditkear it brûns.

De oare Nederlânske froulju spilen in byrol op dizze ôfstân. Melissa Wijfje einige as tsiende en Irene Schouten as sântjinde. Schouten moast allinne ride, om't Jorien ter Mors har noch ôfmelde wylst de 1.500 meter al dwaande wie.

Foto: Orange Pictures

Utslach 1.500 meter froulju

1. Brittany Bowe (FS) 1.53,45
2. Antoinette de Jong (NED) 1.53,81
3. Ireen Wüst (NED) 1.54,22
4. Jevgenia Lalenkova (RUS) 1.54,65
5. Jelizaveta Goloebeva (RUS) 1.54,87

De oerwinning yn it wrâldbekerklassemint giet ek nei Bowe. De wrâldbeker bestie dit jier fanwegen de coronakrisis mar út twa wedstriden. Dy waarden beide wûn troch de reedrydster út de Feriene Steaten. Antoinette de Jong einige as twadde yn it klassemint. Wüst hat likefolle punten sammele as De Jong, mar om't De Jong de rapste tiid riden hat, einiget Wüst as tredde.

Wrâldbekerklassemint 1.500 meter

1. Brittany Bowe (FS) 120 punten
2. Antoinette de Jong (NED) 102 punten
3. Ireen Wüst (NED) 102 punten
4. Jevgenia Lalenkova (RUS) 86 punten
5. Natalia Czerwonka (POA) 72 punten
(Advertinsje)
(Advertinsje)