Noch minder oanwêzigen by Cambuur-wedstriden fanwege jûnsklok

30 jan 2021 - 13:51

SC Cambuur spilet sneintejûn thús tsjin MVV út Maastricht. De wedstriid begjint om 20.00 oere. Dat soe yn normale omstannichheden gjin probleem wêze, mar sûnt 23 jannewaris jildt der in jûnsklok en moat eltsenien om 21.00 oere binnendoar wêze. Dan is de wedstriid lykwols noch net ôfrûn. Hoe komt dat?

Ard de Graaf - Foto: Omrop Fryslân

"Het aantal mensen dat bij wedstrijden aanwezig was, was natuurlijk al minimaal. Dat gaan we nu nog verder afschalen", leit algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur út. "Alleen de mensen met een functie zijn er nu nog bij. Zij krijgen vanuit de club een verklaring, zodat ze na de wedstrijd weer naar huis kunnen."

Minsken dy't foar oanfang fan de wedstriid oan it wurk binne, mochten altyd bliuwe sadree't de wedstriid begûn. "Denk aan mensen die de hekken openen en sluiten; werkzaamheden die bij de aanvang van de wedstrijd afgelopen zijn."

Dat koe oant no ta om't it oantal oanwêzigen by de wedstriden dan noch hieltyd binnen de noarmen bleau, mar dat feroaret no. "Nu mogen alleen de mensen die echt een rol spelen er zijn." De ballejonges en -famkes meie der noch wol by wêze, "maar ook dat is minimaal."

Algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur

(Advertinsje)
(Advertinsje)