Cambuur Sjoernaal: foarútsjen op Cambuur-MVV en nije oanwinst Nick Doodeman

Cambuur spilet sneintejûn om 20.00 oere thús tsjin MVV. Yn septimber ferline jier wûnen de Ljouwerters yn Maastricht mei 7-1 fan MVV. De ferwachting is dat MVV de doar dizze kear net echt iepensette sil. Yn it Cambuur Sjoernaal in foarútblik op de wedstriid fan snein. Fierders komme wy yn de kunde mei Nick Doodeman. Hy is de earste oankeap fan Cambuur foar it folgjende seizoen. Doodeman spilet no noch foar FC Volendam. Hy tekene yn Ljouwert in kontrakt foar twa jier.
-