Gemeenten hawwe min sicht op slachtoffers bernetaslachaffêre

Gemeenten hawwe net genôch sicht op de slachtoffers fan de bernetaslagge-haffêre, wylst der wol 11 miljoen euro beskikber is om harren te helpen. Op dit stuit binne der 55 slachtoffers fan de taslagge-affêre bekend by de Fryske gemeenten.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Hast alle gemeenten hawwe in oprop dien oan âlden om har te melden, mar noch lang net alle dupearden binne yn byld. Yn de gemeente Ljouwert (16), Smellingerlân (16) en Hearrenfean (8) ha de measte dupearden fan de taslagge-affêre har meld.
Nei skatting binne 26.0000 âlden yn Nederlân slachtoffer fan ûnterjochte fraudefertinkingen mei de berne-opfangtaslach. Lanlik binne der no hast 14.000 minsken dy't har meld ha by de Belastingdienst. Om hoe soad Friezen it giet, is noch net dúdlik.
Op dit stuit meie de gemeenten noch net de kontaktgegevens ynsjen fan de dupearre âlden dy't bekend binne by de Belastingdienst. Dit hat te krijen mei de privacywet; kontaktgegevens net samar frijjûn wurde.
De dupearden kinne allinnich holpen wurde as se harren melde. De gemeente kin dan maatwurk leverje. De gemeente Weststellingwerf jout bygelyks oan: 'Gedupeerden kunnen direct contact opnemen met het gebiedsteam van de gemeente. Zij brengen de problematiek in kaart en hebben regelmatig contact met de inwoners die zich hebben gemeld.'
De gemeente Amelân is de iennige gemeente dy't gjin oprop dien hat. Yn in skriftlike reaksje lit de gemeente Amelân witte dat se in goed fangnet hawwe en dat der ien kear yn de moanne ien fan 'Persoonlijk In Geld' op it eilân is om minsken mei dit soarte fan saken te helpen.

Skamte en eangst

Twa gemeenten dy't it oars oanpakke wolle, binne Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Fan de Belastingdienst witte se dat der yn elts gefal fyftjin dupearden binne, mar oant no ta hat noch mar ien him meld. Nei alle gedachten komt dat troch skamte en eangst om ferplicht in skuldhelpferlieningstrajekt folgje te moatten.
Wethâlder Jouke Douwe de Vries fan Noardeast-Fryslân seit dat de gemeente al moannen dwaande is om de nammen fan de slachtoffers los te peuterjen by de Belastingdienst, wat in soad frustraasje opsmyt. Mar der is ljocht oan de ein fan de tunnel troch in saneamde 'mandaatregeling'.

Mandaatregeling

Mei dizze regeling kin de gemeente út namme fan de Belastingdienst sels kontakt sykje mei de dupearden. Takom wike wurdt de regeling yn it kolleezje behannele. Dan kin de gemeente einlik yn aksje komme om de drompel foar it krijen fan help te ferleegjen.
Wethâlder Jouke Douwe de Vries fan de gemeente Noardeast-Fryslân

Fryske dupearden fan de taslagge-affêre

Fryske dupearden fan de taslagge-affêre
Ljouwert 16
Smellingerlân 16
Hearrenfean 8
Súdwest-Fryslân 4
Weststellingwerf 3
Eaststellingwerf 2
Opsterlân 2
De Fryske Marren 1
Harns 1
Dantumadiel 1
Tytsjerksteradiel 1
Amelân 0
Noardeast-Fryslan 0
Skylge 0
Waadhoeke 0
Flylân 0
Achtkarspelen 0
Skiermûntseach 0