SC Hearrenfean freget help achterban: "Het zijn hele moeilijke tijden"

30 jan 2021 - 12:58

SC Hearrenfean-foarsitter Cees Roozemond die freedtejûn op de digitale nijjiersresepsje in berop op de achterban om de klup yn dizze drege tiden net yn 'e steek te litten. De takomst fan de klup stiet op losse skroeven no't de stadions leech binne en der hast gjin ynkomsten binne. "Het is zwaar, het zijn hele moeilijke tijden", seit Roozemond.

Foto: Omrop Fryslân

"De club heeft het zwaar in deze periode van grote onzekerheid en zonder perspectief", ferfolget de foarsitter. Hy docht dêrom in oprop oan sponsoaren en supporters om harren yn 'e mjitte te kommen. "We zijn ons ervan bewust dat we veel van hen vragen. Maar zonder hen komt de continuïteit van SC Heerenveen in het geding. Zij zorgen voor de inkomsten die ervoor zorgen dat wij kunnen voetballen."

Net in soad perspektyf

Der is jild nedich dus. "Het klinkt heel kort en krachtig, maar zo is het simpelweg wel." Roozemond seit te hoopjen dat supporters harren seizoenskaarten ferlingje. Dat is harren lykwols al earder frege. Hoe lang kinne je soks easkje fan trouwe fans? "Wij vinden het heel moeilijk om dat beroep op mensen te doen, omdat wij heel weinig perspectief kunnen bieden."

De klup hie hope yntusken wer mei publyk fuotbalje te kinnen, mar dat is noch hieltyd net tastien en it sil noch wol efkes duorje foar't dat wol wer kin. "We houden ons vast aan de mogelijkheid dat we na de zomer wel weer met publiek kunnen spelen."

Leanoffer

De spilers fan SC Hearrenfean waard earder yn de coronakrisis frege om in part fan harren lean yn te leverjen om de klup oerein te hâlden. "Zij hebben toen een zogenaamd loonoffer gedaan. We hebben het spelersbudget drastisch moeten beperken. Maar als we dat blijven doen, komt de kwaliteit op het veld in gevaar."

Dit probleem spilet lykwols by alle klups. "We zijn absoluut niet de enige hierin. We maken ons zorgen over het voortbestaan van meerdere clubs binnen het eredivisievoetbal. Het is een sectorbreed probleem."

Foarsitter Cees Roozemond fan SC Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)