Mei de auto plannen nijbouwyk Blitsaerd oan de Bonkefeart Ljouwert besjen

De 120 auto's mei belangstellenden moasten sneon de gong der wol yn hâlde by de besichtiging fan de huzeplannen foar de nije wyk Blitsaerd oan de Feart yn Ljouwert. Flakby de finish fan de Alvestêdetocht wurde 41 nije wenten boud. Dy kostje 4,5 oant 6,5 ton.
Mei de auto plannen nijbouwyk Blitsaerd oan de Bonkefeart Ljouwert besjen
De besichting fan de plannen foar de keapwenten oan de Bonkefeart wie coronaproof, alles gie mei de auto. Der wie safolle flecht op de koai dat der net folle tiid wie om lang stiltstean te bliuwen om te sjen.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Panielen

De besichtiging wie op it terrein fan restaurant de Grutte Wielen, flakby de lokaasje fan Blitsaerd oan de Bonkefeart. By in 'koek en sopie'-tinte krigen de ynsittenden earst ynformaasje oer de huzen en oer de nije wyk. De auto's rieden dêrnei by panielen del mei hoe't de huzen en de wyk derút komme te sjen.

Thús wurkje

De wenningneed is heech en de rinte is leech. De belangstellenden komme út Ljouwert, Fryslân, Grinslân, mar ek út de Rânestêd. Fanwege de corona wurkje in soad minsken thús en dan is reisôfstân net in faktor mear dy't meitelt.
De libbensrinbestindige huzen binne tige populêr. Foar de kavels hawwe harren al 600 belangstellenden oanmeld, folle mear as de 120 dy't delkamen om yn de auto nei de huzeplannen te sjen.