Persoan ferwûne nei ûngelok tusken fytser en auto yn Gytsjerk
Op de Eeltsje Halbertsmastrjitte yn Gytsjerk is sneontemoarn in ûngelok bard tusken in fytser en in persoane-auto. De fytser is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs.
De fytser wurdt yn it sikehûs fierder ûndersocht. Hoe't it ûngelok barre koe, is net dúdlik.