Omrop TIP: Ien skoalle, 17 talen

30 jan 2021 - 10:29

Op it sterke fûnemint fan de memmetaal bouwe bern makliker in twadde taal. Hoe giet dat op in skoalle mei mar leafst santjin ferskillende thústalen? Fryslân DOK is op de IKC Sint Jozefskoalle op It Hearrenfean.

Regisseur Thom Verheul filmet op dizze skoalle, dêr't in tredde part fan de 117 bern thús in oare taal praat as it Nederlânsk. Der is in grutte diversiteit yn komôf en sosjale ûntwikkeling. Wittenskiplik ûndersyk lit sjen dat bern mei in rike taalûnderfining makliker in oare, frjemde taal leare.

Boartsjende bern yn de Sint Jozefskoalle - Foto: Omrop Fryslân

Meartalichheid wurdt op de Sint Jozefskoalle sjoen as in pree. Oft it no Frysk, Ingelsk, Arabysk of Nederlânsk is, de wurdearring is itselde. It brûken fan de memmetaal wurdt stimulearre, omdat dêrtroch it learen fan it Nederlânsk ek better giet.

Francis Flapper, coördinator Passend Onderwijs - Foto: Omrop Fryslân

Coco


It bekroande printeboek 'Coco kan het' fan Loes Riphagen is yn sân talen útbrocht, sadat âlden it yn de eigen taal oan de bern foarlêze kinne. It boek giet oer in fûgel dy't earst net doart te fleanen, mar letter dochs de moaiste foarmen yn 'e loft makket. Mei dit boek leare bern om har, krekt as Coco, emosjoneel út te drukken yn 'e eigen memmetaal.

Foarlêze út Coco kan het - Foto: Omrop Fryslân

Sa wurdt de yntegraasje fan âlden en bern fersterke. It doel is gelikense kânsen yn it ferfolchûnderwiis, sûnder it probleem fan in taalachterstân. It foarlêsprojekt wurdt yn 'e mande mei de biblioteek en it Digi-Taalhuis op It Hearrenfean dien.

Eritrese moeder leest haar kinderen voor - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: 'Ien skoalle, 17 talen'
Sneon 30 jannewaris, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 31 jannewaris 13.10)
Snein 31 jannewaris, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)