Waskemar yn coronatiid: gerdinen toanielferiening De Wâldploech bliuwe ticht

Hoe stiet it mei de leefberens yn in doarp yn coronatiden? Yn Waskemar is it doarpshûs sletten en is der ek gjin supermerk. Troch de coronamaatregels binne der net in soad plakken dêr't minsken inoar moetsje kinne. Ek de ferneamde toanielferiening De Wâldploech kin foarearst net spylje.
Waskemar yn coronatiid toaniel
Corona is ek de grutte spulbrekker foar de leden fan De Wâldploech, de ferneamde toanielploech fan Waskemar en omkriten. Mei mear as 22 aktive spilers en spylsters en mei in entûsjaste support fan mear as 200 stipers. Alle jierren wurdt minimaal ien foarstelling realisearre, wêrfoar't alle wiken dan minimaal twa jûnen repetearre wurde moat. En soms noch faker om klear te wêzen foar de premjêre yn maart yn de kantine fan CSG Liudger yn Waskemar.
Mar sûnt maart fan it ôfrûne jier leit ek it toanielspyljen stil en sitte de leden út need thús. "Foar de feriening ek finansjeel net noflik", seit bestjoerslid Aaltsje Clemens. "We kinne ús leden fansels gjin kontribúsje freegje en de kosten rinne wol troch. Mar lokkich hawwe we ús stipers, dy't achter ús stean bliuwe. Slimmer is it foar de spilers. Toaniel is harren passy. En dêr komt foarearst neat fan".
Yn de kommende tiid folget Omrop Fryslân it doarp Waskemar. Fan de basisskoalle oant it doarpshûs. Fan de fuotbalferiening oant doarpsbelang. Hoe giet in doarp en alle minsken yn it doarp om mei de coronakrisis? Watfoar effekten hat it op it doarp?