Kollum: "Beskaving"

30 jan 2021 - 08:27

"In jier lyn wie in folslein gewoan om elkoar in hân te jaan. It wie in teken fan beskaving, as bern learden jo dat it fan fatsoen tsjûge as je immen kreas de hân skodden en jo foarstelden. Dat gebrûk, dat stikje beskaving, hat in lange skiednis. We dogge it al in pear tûzen jier. By de âlde Griken waard der al hannen skodde. It siet oant in jier lyn gewoan yn ús systeem. By in sluten fan in keap, by it ja sizzen by in houlik. Elkoar in hân jaan hearde by ús westerske libbenswize."

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong

"Earliksein fyn ik it mar ferhipte frjemd dat we in gebrûk dat sa lang ûnderdiel fan ús normale libben west hat, net mear gewoan fine. As jo in jier lyn sein hienen dat ik in frjemde net mear in hân jaan soe, hie ik jo útlake. Mar de realiteit is oars. Dochs fielt it foar my aaklich. Dat spastyske gedoch mei in earmtakke begjin ik net oan. Dat hat gjin yntimiteit, dat yn tsjinstelling ta it ien in hân jaan. Je koenen oan de wize fan elkoar in hân skodzje al in soad leare. Pake siet yn de feehannel en sei dat je derom tinke moasten by minsken dy't in sloppe hân joegen. Fan dy weake-spûns-hannen. Hawar, ik soe no net iens mear witte hoe't se op de feemerk in ko ferhannelje. Wurdt der noch hantsjeklapt?

Sa sjogge jo mar, wy binne miskien net bliid mei feroarings, mar it sit yn in minske om der dan mar mei om te gean. Dat fermogen om ús oan te passen giet hiel fier. As je de literatuer oer de Twadde Wrâldkriich lêze, giet je de grize oer de grouwe wat oanpassingsfermogen oanbelanget. Sels yn de ferskrikkingen fan de Dútske kampen sochten de Joaden en oare slachtoffers nei ljochtpuntsjes. It is in oer ynstinkt. In oerlibbingsmeganisme.

Is it dan normaal om elkoar net mear te begroetsjen sa as we dat tûzenen jierren dien ha? Ach, de Eskimo's begroetsje elkoar mei de noas. Foar ús is dat net gewoan. Foar harren wol. It giet derom dat we elkoar de hân net mear jaan meie. Net dat it by ús heart of sa, mar dat we in iuwenâld gebrûk yn in pear wiken samar loslitte omdat ús dat foarskreaun wurdt. De reden is dat we elkoar net siik meitsje wolle. Dêr moat elts begryp foar ha en dat is ek sa.

Wêr giet it dan mis? No, dat is dizze wike wol helder wurden. De krêft fan it oanpassingsfermogen yn minsken is de faktor tiid. 95% fan de minsken sille harren as kikkerts yn in stadich opwaarmjende panne gedrage. Sels al komme der maatregels dêr't hielendal net wis fan is oft se wurkje, sels al fleane der deis mear as 9000 fleantugen al firus ferspriedend oer de hiele wrâld en krije dy passazjiers in frijbrief om nei 21.00 te reizgjen wylst wy binnendoar sitte moatte. Sels dan, as it mar stadichoan brocht wurdt, sels dan sille de measten fan ús it akseptearje.

It oer en wer feroardieljen fan wat dy oare 5% fan de minsken wol en net dogge is it logyske gefolch. Miskien net goed te praten, mar wol hiel minsklik. Dêr sit ek in stikje frustraasje yn oer dat wat we eins wol witte, mar dêr't we gjin ynfloed op ha.

Phillipus van der Meulen syn ynstjoerde stikje yn de Ljouwerter Krante wie spot-on. Ik sprek hjirby de hoop út dat we elkoar ynkoarten wer in stevige en wolmiende hân jaan kinne."

(Advertinsje)
(Advertinsje)