Undernimmersferiening wol gjin massale gong nei de rjochter nei hoarekafûnis: "Praat mei-inoar""

30 jan 2021 - 07:41

Hoarekaûndernimmers hoege yn de lockdown net mear as de helte fan de hier foar harren saak te beteljen. En nei alle gedachten jildt itselde foar winkels en oare middenstanners dy't gjin ynkomsten hawwe. Dat is it gefolch fan in útspraak fan de rjochtbank yn Den Haag. Dy seit dat ûndernimmers mar 50 persint fan de hier hoege te beteljen salang't se gjin of hast gjin omset hawwe en ticht binne.

Hoareka

De útspraak fan de rjochter jildt yn earste ynstansje foar twa kafeebazen yn Den Haag dy't troch har ferhierder foar de rjochter sleept waarden omdat se de hier net betellen. De ûndernimmers seinen dat se dat net koenen. De rjochter jout harren dêr gelyk yn. Se hoege salang't de krisis duorret net mear as de helte fan de hier te beteljen.

Omdat it om in boaiemproseduere giet, dêr't de útspraak in definityf karakter fan hat, is de kâns grut dat de hiele middenstân gebrûk meitsje kin fan dit fûnis. De útspraak fan de rjochter jildt mei weromwurkjende krêft. Dus ek ûndernimmers dy't de hier al betelle hawwe, soene dy weromkrije kinne.

Hoareka Nederlân tefreden

Corné van de Erve, foarsitter fan de ôfdieling Fryslân fan Koninklijke Horeca Nederland, is wiis mei de útspraak fan de rjochter. Opteld by de regelingen fan de oerheid dy't al bestean om hoarekaûndernimmers te stypjen, is it fûnis in wichtige bydrage foar ûndernimmers om de holle boppe wetter te hâlden.

Van de Erve hie noch leaver sjoen dat de ûndernimmers salang't se ticht bliuwe moatte, hielendal gjin hier hoege te beteljen. Mar hy wit dat dat net realistysk is, omdat ferhierders ek harren kosten hawwe. Van de Erve hopet wol dat de grutte bierbrouwers dy't in soad hoarekasaken yn hannen hawwe no ek yn petear gean mei harren hierders oer in hierferleging.

In oplossing foar de krisis yn de hoareka is de útspraak net, wit Van de Erve. Dat soe wêze dat de hoareka aanst as earste wer iepengean kin, tagelyk mei de winkels en de basisskoallen, seit er. "We weten nu dat de besmettingen niet uit de horeca komen. Dus dat moet mogelijk zijn." Horeca Nederland lobbyt hurd by it kabinet om dit foarinoar te krijen.

Oerlis mei ferhierders

Foarsitter Joyce Walstra fan ûndernimmersferiening MKB Noord is ek tefreden mei it fûnis dat der no leit, mar se ropt ûndernimmers op om no net manmachtich saken oan te spannen tsjin ferhierders. Minsken moatte yn petear gean oer in oplossing, seit se.

Walstra giet derfan út dat dit meastentiids slagje sil, omdat hierder en ferhierders elkoar goed kenne. Ferhierders hawwe it faak ek dreech, seit Walstra, foaral omdat der foar harren gjin regelingen fan de oerheid bestean om de coronaklappen op te fangen.

Gjin grutte problemen

Joko Edens fan hoarekamakelder Edens, sjocht dat ferhierders dreech om it fûnis fan de rjochter hinne kinne. Mar hy ferwachtet net dat dit yn Fryslân foar grutte konflikten soargje sil.

Krekt as Walstra sjocht er yn syn praktyk dat beide partijen elkoar faak goed kenne, en der mei-inoar útkomme. Mar hy slút net út dat guon ferhierders troch de útspraak fan de rjochter yn swier waar komme omdat se mei hypoteeklêsten sitte dy't net mear betelle wurde kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)