Buma driget mei 2000 euro boete foar relskoppers op nijjiersnacht

29 jan 2021 - 20:28

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert driget mei in boete fan 2000 euro, foar minsken dy't yn de nijjiersnacht belutsen wiene by ûngeregeldheden yn de binnenstêd. As se opnij de fout yn geane, kinne se de boete ferwachtsje. Dat meldt de gemeente.

Sjoch hjir nei bylden fan de nijjiersnacht yn Ljouwert.

De plysje fan Ljouwert is yn de nijjiersnacht manmachtich yn aksje kaam. De maresjaussee en de ME wiene dêr ek by. In groep fan sa'n 40 minsken hat de plysje bekûgele mei blikken, stiennen en fjoerwurk.

Oant no ta binne der by de boargemaster fiif nammen bekend fan minsken dy't by de ûngeregeldheden belutsen wiene. De plysje tinkt dat it der yn de kommende wiken mear wurde sille.

De minsken dêr't Buma in namme fan hat, krije in brief, dêr't yn stiet dat se in boete ferwachtsje kinne, as se opnij by ûngeregeldheden belutsen reitsje, of as se in befel fan de plysje negearje. De earste brieven binne al ferstjoerd, meldt de gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)