It Polytburo: Oerbleaune Steateleden Forum wolle graach troch ûnder Baudet

29 jan 2021 - 19:49

De Fryske Steatefraksje fan Forum voor Democratie is dan út mekoar fallen, de oerbleaune Steateleden wolle graach troch, ûnder de lanlike lieding fan Thierry Baudet. Dat seit ien fan dy fiif, Erwin Jousma fan Menaam, yn de útstjoering fan It Polytburo. Hy stiet op plak 21 op de lanlike list fan Forum voor Democratie.

Ein ferline jier wie der rebûlje by Forum voor Democratie, nei rasistyske en homofobe berjochten by de jongereinôfdieling. Tal fan politisy ferlieten de partij. Pommeranten Joost Eerdmans en Annabel Nanninga rjochten JA21 op. De Fryske fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard hat him by dy partij oansletten. It Fryske Steatelid Erwin Jousma stiet foar Forum voor Democratie op de lanlike kandidatelist.

Dat fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard de partij ferlitten hat, neamt Jousma "heel spijtig". Sels stiet er pal achter Baudet. De ekstreemrjochtse gedachten dy't de partijlieder hawwe soe, neamt er ûnwier.

Trefwurden: 
It Polytburo Erwin Jousma
(Advertinsje)
(Advertinsje)