Johnny Jansen hâldt fêst oan "Feyenoordsysteem"

29 jan 2021 - 18:25

Johnny Jansen hâldt fêst oan de taktyske omsetting dêr't Feyenoord dizze wike mei ferslein waard. Tsjin FC Twente lit er syn ploech opnij mei in fersterke middenfjild oantrede, mei dêryn in frije rol foar Joey Veerman as linksbûten. "Tegen Feyenoord hebben we de bevestiging gekregen dat we zo kunnen spelen", seit Jansen. It waard doe 3-0.

Johnny Jansen TWEHEE

Tsjin Feyenoord foel alles op syn plak. It wie foar it earst yn tolve wedstriden dat de Friezen wer in wedstriid wûnen. Hearrenfean skoarde twa kear yn twa minuten.

De ploech fan Jansen spile mei in fersterke middenfjild. Mei Rodney Kongolo yn stee fan Benjamin Nygren en mei Joey Veerman yn in frije rol oan 'e linkerkant.

Feyenoord wist net wa't him oppakke moast, en dêrtroch wie de Volendammer hieltyd oanspylber. Fan dêrút struide er mei passes en fûn er hieltyd de frije man.

Foto: Orange Pictures

"Als staf hebben hier voor de winter ook al eens over gesproken", seit Jansen, "dat je met Joey hangend op links kunt spelen. En nu heb je Rami Kaib erbij, hij kan als linksback ook als linksbuiten spelen. We hebben het er vaak over gehad en nu tegen Feyenoord hebben we daarin doorgepakt. "

Tsjinstanner Twente is de twadde seizoenshelte net goed úteinset. De ploech fan âld-Hearrenfeantrainer Ron Jans wachtet no op de earste oerwinning. Nei ferliespartijen tsjin Ajax en VVV-Venlo waard twa kear lykspile, tsjin FC Groningen en Sparta.

Ron Jans kin him tariede

Wie Feyenoord trainer Dick Advovaat noch oerrompele troch de nije spulstyl fan Hearrenfean, Ron Jans hat fjouwer dagen de tiid in antwurd te betinken op de nije fariant.

"Dat is natuurlijk aan Ron", seit Jansen, "maar je kunt het op verschillende manieren oplossen. Je kunt de back laten doordekken, je kunt er een middenvelder opzetten en je kunt een centrale verdediger door laten dekken. Het is dan aan ons om te kijken hoe ze dat precies doen en van daaruit op zoek te gaan naar de ruimtes."

Tukkers ûnferslaanber

De Tukkers binne benammen bûten Enschede ûnferslaanber. De lêste en iennige kear dat FC Twente yn in útwedstriid ûnderút gie, wie op 24 oktober tsjin FC Utrecht.

Jansen woe syn definitive opstelling net net bekend meitsje. "We hadden vandaag een hersteltraining en iedereen is weer getest. Morgen gaan we eerst trainen en dan rijden we naar Hengelo toe en dan maken we de opstelling. Maar ik ben niet van plan veel te veranderen."

De wedstriid FC Twente - SC Hearrenfean begjint sneintemiddei om 12.15 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.

Ferwachte opstelling: Mulder, Floranus, Dresevic, Bochniewicz, Kaib, Halilovic, Kongolo, J. Veerman, De Jong, H. Veerman en Van Bergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)