Froulju Hearrenfean oerwagen út kompetysje te stappen om coronakosten

29 jan 2021 - 17:50

Stichting Frouljusfuotbal Noard-Nederlân hat oerwage om it frouljusteam fan SC Hearrenfean werom te lûken út de kompetysje. Dit omdat se de kosten fan de ferplichte coronatesten dreech rûn krije koene. De klup tocht yn earste ynstânsje dat de KNVB alle testen betelje soe, mar úteinlik die bliken dat dat krekt wat oars sit.

Skea foar froulju Hearrenfean

De KNVB betellet nammentlik allinnich de testen yn de wiken dat SC Hearrenfean in wedstriid spilet, mar de klup spilet kommende snein pas foar it earst sûnt 20 desimber wer in kompetysjewedstriid. Dat hat dus in soad kosten meibrocht.

"We waren in de veronderstelling dat we met elkaar de afspraak hadden dat de KNVB de testen zou betalen. Dat was ook een grote opluchting voor ons, maar gaandeweg het proces bleek dat de KNVB alleen de testen betaalt in wedstrijdweken", seit foarsitter fan de stichting, Jessica Roosenburg.

Gjin nije trainingsklean

Dy kosten hawwe grutte gefolgen foar de stichting, dy't al net in soad fet op de bonken hat. "We hebben bijvoorbeeld wel dringend trainingskleding nodig. Dat deden we al heel mager dit jaar. Daar hebben we nu bij de eerste selectie dus wel een streep doorgezet, want dan kunnen we de testen weer betalen", seit Roosenburg.

De stichting hat sels noch oerwage om it earste alvetal werom te lûken út de earedifyzje. "Het heeft wel op tafel gelegen", seit Roosenburg. "Dat is natuurlijk heel pijnlijk en dat wil je niet. We zijn heel blij dat het niet hoeft, maar zorgvuldig bestuur vraagt wel dat je alle scenario's op tafel hebt."

"Natuurlijk wil iedereen liever voetballen, dus dat is gewoon een goede keus geweest, maar dat zijn wel de afwegingen die we de hele tijd maken met elkaar", sa seit Roosenburg.

Reaksje KNVB

De KNVB lit yn in reaksje witte dat de ôfspraak dat it bûn alle testen betelje soe neffens harren nea op tafel lein hat. It bûn begrypt dat Hearrenfean te lijen hat ûnder it coronafirus en stimulearret de klup dêrom om gebrûk te meitsjen fan alle oerheidsstipe.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei foarsitter Jessica Roosenburg

(Advertinsje)
(Advertinsje)