COA wol azc yn Balk twa jier langer iepen hâlde

29 jan 2021 - 17:16

It COA wol it azc yn Balk twa jier langer iepen hâlde. Dat meldt de gemeente De Fryske Marren. De gemeenteried praat meikoarten oer it fersyk. As it asylsikerssintrum net langer iepen bliuwt, giet it yn septimber ticht.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De gemeente meldt dat der mear plakken nedich binne om minsken op te fangen. It COA soe ek yn Fryslân in oantal definitive opfanglokaasjes realisearje wolle.

It azc yn Balk wurdt neffens de gemeente gjin definitive lokaasje.

Trefwurden: 
AZC asylsikers COA
(Advertinsje)
(Advertinsje)