Gemeente: Yllegale stjoermêst by Spannenburch giet foarearst net fuort

In stjoermêst dy't sûnder fergunning yn Spannenburch pleatst is, giet foarearst net fuort. Dat meldt de gemeente. It giet om in mêst foar 5G. It telekombedriuw hat de mêst wol útset.
De nije stjoermêst by Spannenburch © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Doe't de mêst yn oktober pleatst waard, wiene omwenners ferbjustere. Gjinien wist watfoar mêst it wie. Der wie ek gjin fergunning foar ôfjûn.
Yntusken meldt de gemeente dat der in fergunningsoanfraach binnenkaam is. Neffens in wurdfierder fan de gemeente kin dy proseduere in pear wiken duorje. Salang't der gjin fergunning is, wurdt de mêst net wer oanset.