Ploege-efterfolging: sulver foar de froulju, nederlaach foar de manlju

29 jan 2021 - 16:20

It slagge de Nederlânske manljusploech by de twadde wrâldbeker reedriden op It Hearrenfean net om in medalje te pakken mei de efterfolging. Sven Kramer kaam mei Chris Huizinga en Marcel Bosker yn aksje. By de froulju diene út Fryslân wei Ireen Wüst en Antoinette de Jong mei, sy wisten it sulver binnen te heljen.

Foto: Orange Pictures

De ploech fan bûnscoach Jan Coopmans helle de fjirde tiid yn de lêste rit: 3.42,25. Noarwegen wûn just mei in baanrekôr: 3.39,08. Kanada (3.39,94) en Ruslân (3.41,40) wiene de nûmers twa en trije.

Foar Sven Kramer wie it de 22ste kear dat er meidie oan in ploege-efterfolging yn de wrâldbeker. En pas de twadde kear dat it net slagget om in medalje te winnen. Dat barde yn novimber 2004 foar it lêst.

Sulver foar de froulju

By de froulju wie it Kanada dat wûn mei 2.54,64, dat team pakte njonken de winst ek it klassemint yn de wrâldbeker. Foar Nederlân kamen Ireen Wüst, Antoinette de Jong en Irene Schouten (foar it earst) yn aksje. Sy wisten it twadde plak te pakken. It ferskil mei Kanada wie mei 94 hûndertsten grutter as in wike earder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)