186 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

29 jan 2021 - 15:22

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 186 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Dat binne der 29 mear as tongersdei. Doe gie it om 157 besmettingen, it leechste sûnt heal desimber.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn beeld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (33). Dêrnei komme Ljouwert mei 19 en Tytsjerksteradiel mei 18.

Twa minsken yn it sikehûs rekke

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne wol twa Friezen yn it sikehûs yn rekke mei it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan Eaststellingwerf en Opsterlân.

Lanlik

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 4.438 coronagefallen fêststeld.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)