Fjouwer jier sel foar Noardwâldster dy't jierrenlang styfdochter misbrûkte

In 49-jierrige ynwenner fan Noardwâlde dy't jierrenlang syn minderjierrige styfdochter seksueel misbrûkt hat, is freed feroardiele ta fjouwer jier sel. De man moat ek in skeafergoeding fan hast 25.000 euro oan it slachtoffer betelje. It Iepenbier Ministearje hie fiif jier sel easke.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man misbrûkte it famke foar de earste kear op de dei dat se har tolfde jierdei fierde. Yn de jierren dêrnei die de man dat alle wiken, soms ferskate kearen yn de wike. Der wie sprake fan fiergeande seksuele hannelingen. Fjouwer jier letter, doe't se 16 jier wie, kaam it slachtoffer ta it besef dat wat har styfheit mei har die, net hearde.
Begjin april 2018 waard der oanjefte dien. De fertochte berôp him op syn rjocht om te swijen ûnder de plysjeferhoaren en it behanneljen fan de strafsaak. By de reklassearring en yn petearen mei in psycholooch hat hy it misbrûk ûntkend. De rjochtbank fynt dat de ferklearringen fan it famke en har mem - sy hat de fertochte in kear betrape mei har dochter - foldwaande binne om ta in feroardieling te kommen.

Swier oanrekkene

De rjochtbank rekkenet it de fertochte swier oan dat er syn styfdochter al op jonge leeftiid misbrûkt hat en dat hy der jierrenlang mei trochgien is. Dat it lang duorre hat foar't de saak foar de rjochter kaam, hat de rjochtbank yn it oardiel meinaam yn it foardiel fan de fertochte. It slachtoffer krijt 20.000 euro smertejild tawiisd. Foar terapyen dy't net troch it sikefûns fergoede waarden, wiisde de rjochtbank noch ris 4.545 euro ta.