De freedsmerk oer de fraach: is Nederlân 'stikken'?

29 jan 2021 - 14:28

"Nederland is kapot!" Dat wie de tekst op in protestboerd dizze wike. En as je de problemen fan de lêste tiid op rychje sette, liket it dêr miskien ek wol op. De opskuor nei de jûnsklok, it datalek by de GGD, de plysje dy't de boel yntern net op oarder hat, de faksinaasje-ranglist wêrop't ús lân ûnderoan bongelet... De measte reaksjes op de freedsmerk wiene lykwols: "Het is makkelijk roepen vanaf de zijlijn!" en "Ga er zelf maar eens aanstaan. Het is een lastige tijd, toch?"

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In Grinslanner grienteboer fûn dat er yn ús lân altyd in soad klage wurdt, mar dat Nederlân beslist net stikken is: "De mentaliteit van sommige mensen misschien wel, maar toch zullen we er samen doorheen moeten."

Bananerepublyk

Oaren wiene fûler: "It is hjir in bananerepublyk hè? Wy binne hjir mear fan it papier as fan it dwaan. By de faksinaasjes bygelyks. Us mem is 90-plus, wennet yn in oanleunwenning en is net mobyl, dus dêr komt de hûsdokter. Buorfrou is like âld, mar om't se mobyl is, moat sy nei Ljouwert foar in prik. En de buorman dêr njonken is 89, dy wurdt hielendal oerslein. Dat is in janboel, dochs?"

De túnker fûn dat der fierstente folle negative enerzjy is. "Lit dat los en gean nei de Hear: dan krigest positive enerzjy!" Ien fan de klanten tinkt dat it wol goed komt, mar: "Dat it op it slimst moat, foar't it better kin. Mei it miljeu en mei de lykweardigens tusken minsken kom't it wer goed as de minsken ta ynkear komme. En dat bart ek, it wurdt better!"

De Freedsmerk oer de fraach: is Nederlân 'stikken'?

(Advertinsje)
(Advertinsje)