Cambuurtrainer De Jong feroaret neat oan basisalve tsjin MVV

29 jan 2021 - 14:19

"We steane der goed op", konkludearre Cambuurtrainer Henk de Jong freed nei de training. "Giovanni Korte is werom op it fjild, dat giet de goede kant op. Ragnar Oratmangoen sit der wer oan te kommen en Mitchel Paulissen liket goed. Moarn noch efkes de lêste training ôfwachtsje."

Foarútblik Cambuur-MVV

Cambuur spilet snein thús tsjin MVV en de trainer fan Cambuur hat dus in grutte seleksje ta syn beskikking. Hy begjint mei deselde basis as yn de wedstriid tsjin Jong PSV. "Dy kâns is grut. It seach der goed út." Paulissen hat it goed dien, fynt De Jong, mar Maulun wie tsjin Jong PSV de útblinker dy't ek Jamie Jacobs better spylje liet. "Dan krijst ek wer de djipte-aksjes fan Jamie Jacobs."

Earder 7-1

De tsjinstanner is dus MVV Maastricht. Earder dit seizoen wûn Cambuur mei 7-1 yn Maastricht, de grutste oerwinning fan it seizoen oant no ta. MVV sil dus grif net sa oanfallend spylje as Jong PSV. Henk de Jong: "Dat wit ik net. Sy sille taktysk goed stean, mar dat besykje wy ek. En dan moatte wy de wedstriid nei 95 minuten wûn ha. En as dat net sa is, dan ha we pech hân."

Cambuur hat foar it kommende seizoen al beslach lein op Nick Doodeman fan FC Volendam. In moaie opstekker foar de klup. " Wy wienen him al tiden op it spoar. Hy sit by myn saakwaarnimmer. Nick is in djipgeande spiler, dy't in gouden foet hat yn it tarieden fan goals en ek sels skoare kin. Dy jonge past by Cambuur."

Jacobs ek wiis mei Maulun

Jamie Jacobs wie tsjin Jong PSV goed dwaande. Mei twa goals en in assist hie hy in grut oandiel yn de oerwinning fan Cambuur. "Het liep makkelijk in het team. We kregen ruimte en dan kom ik goed tot mijn recht. Als de ruimte er ligt kan ik dat goed invullen. Robin weet heel goed hoe ik speel en van die kwaliteiten maken we gebruik."

Foarútblik Cambuur-MVV

De fraach is oft der op it fjild tsjin MVV safolle romte ûntstiet. "Dat zal niet de eerste ploeg zijn die dat doet", seit Jacobs. "Wij raken er aan gewend en wij moeten het spel spelen waar we goed in zijn."

SC Cambuur - MVV begjint snein om 20.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra radioprogramma fan Omrop Fryslân. Geert van Tuinen fersoarget it kommentaar.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal MVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)