Fan flaaksfink oant mosk, tsientûzenen minsken telle dit wykein túnfûgels

30 jan 2021 - 08:10

Al mear as 100.000 minsken hawwe har opjûn om dit wykein mei te dwaan oan de lanlike Túnfûgeltelling. Alle jierren sitte minsken frijwillich in healoere foar it rút of yn de tún om harren túnfûgels te tellen en te registrearjen. Neffens Vogelbescherming Nederland giet it om in rekôrtal dielnimmers.

Foto: Omrop Fryslân

De Túnfûgelteldei wurdt al sûnt 2001 organisearre. Doel fan de telling is om fêst te stellen hoe't de fûgels yn de winter de tunen en balkons brûke. Dêr fine se yn de kâlde moannen makliker fretten as yn bosken of greiden, seker as túneigeners ek fûgelfretten klearsette. De Túnfûgeltelling is it grutste boargerûndersyk nei natuer yn Nederlân.

In hiele stúdzje

Jeroen Breitenbach fan Van Hall Larenstein is ien fan de tûzenen Friezen dy't dit wykein meidocht. Hy is dosint oan it Van Hall en spesjalisearret him ûnder oare yn it werkennen fan soarten. Dêr sit noch in hiele stúdzje yn, want bygelyks in flaaksfink sille de measte minsken net sa gau werkenne, sa seit er.

"Als je een vogel hebt met een groene waas eroverheen, dan is dat vaak een Groenling (flaaksfink yn it Frysk, red.). En als je ze dan ziet opvliegen, dan zit er een heel mooi geel venstertje in de vleugel."

Of tink oan de swarte lyster. "Merels herkennen de meeste mensen wel, helemaal zwart met een oranje snavel. Maar de vrouwtjes zijn heel onopvallend bruin, en als je heel goed kijkt zijn er heel veel zwarte spikkels op de borst."

De teltechnyk

Dan is der noch de technyk fan it tellen: "In principe is de regel dat het hoogste aantal die je ziet op één moment, dat die telt." Dus net alle fûgels dy't yn in healoere delkomme, byinoar optelle.

De Túnfûgeltelling duorret fan freed 29 jannewaris oant snein 31 jannewaris.

Breitenbach leit út hoe't je no telle moatte

(Advertinsje)
(Advertinsje)