GGD iepenet ekstra faksinaasjelokaasjes yn Snits en Drachten

29 jan 2021 - 11:59

De GGD Fryslân iepenet begjin maart twa nije lokaasjes foar faksinaasjes tsjin it coronafirus. Ien komt yn Snits en de oare komt yn Drachten of omkriten. Yn beide lokaasjes kinne 400 minsken deis in prik krije. Letter yn de maitiid wol de GGD yn totaal acht priklokaasjes ha.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

As der acht lokaasjes binne, kinne safolle mooglik minsken boppe de achttjin jier tichter by hûs in faksinaasje helje. Oant no ta wurdt der allinnich prikt yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Dizze wike binne hast 2500 soarchmeiwurkers en goed 500 90-plussers faksinearre yn it WTC Expo. Dat binne 700 mear as ferline wike.

Yn Snits komt de faksinaasjelokaasje oan de Akkerwinde 1, flakby de houten brêge Krúsrak. Foar Drachten siket de GGD noch in lokaasje.

Noch fiif lokaasjes derby

Letter moatte der dus noch fiif lokaasjes bykomme. Dêrfoar sjocht de GGD nei Dokkum, Frjentsjer, It Hearrenfean, Koudum en Easterwâlde. Der binne safolle lokaasjes nedich sadat safolle mooglik minsken yn de eigen omjouwing in prik helje kinne. Dan giet it om 'mobile' 60-plussers, de hiele groep fan 18 oant 60 jier en in part fan it soarchpersoniel.

Strategy lanlik bepaald

Hoe rap oft dy lokaasjes komme, hinget derfan ôf wannear't GGD Fryslân faksins krijt en hoefolle. De GGD kin no 500 prikken deis sette. De planning is dat dat yn stappen hieltyd mear wurdt, mar faksinaasjestrategy wurdt lanlik bepaald. Minister Hugo de Jonge praat de 25 foarsitters fan de feilichheidsregio's moandei by.

Fan de 650.000 Friezen binne der 338.000 tusken de 18 en 60 jier. Foar de Waadeilannen is der in oare strategy. De eilanners wurde op de eilannen sels faksinearre.

Trefwurden: 
GGD faksinaasje coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)