Hearrenfean set peal en perk en hellet 100 fytspealtsjes fuort

29 jan 2021 - 11:31

De gemeente Hearrenfean hellet foar de simmer 100 fytspealtsjes fuort. Dat docht de gemeente sa't it feiliger wurdt foar fytsers. De maatregel is naam yn oerlis mei it lokale fytsersbûn. Yn Hearrenfean steane yn totaal 145 fytspealtsjes. Mar hoe minder, hoe better, sa fynt Fietsersbond Fryslân.

Foto: Gemeente Hearrenfean

Allinne op plakken dêr't it needsaaklik is bliuwe se stean, bygelyks as der in grut risiko is dat it paad as slûpwei troch auto's brûkt wurdt. De fytspealtsjes dy't stean bliuwe, wurde mei in wite kleur markearre foar de sichtberens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)