Nije tsjinstregeling NS: mei de sprinter fan Ljouwert nei Zwolle

29 jan 2021 - 11:11

Fan septimber ôf kinne Fryske reizgers streekrjocht mei in sprinter fan Ljouwert nei Zwolle. Dat stiet yn de plannen fan NS foar de nije tsjinstregeling. Foar reizgers dy't út Wolvegea, Akkrum of Grou-Jirnsum wei nei Zwolle en fierder reizgje, moat dit in tiidwinst fan sa'n tsien minuten opsmite.

De sprinter by Grou - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Op it stuit giet de sprinter út Ljouwert wei net fierder as Meppel. Mei de oanlis fan nije ynfrastruktuer by Zwolle kin de sprinter Ljouwert-Meppel trochride nei Zwolle. Foar de reizgers tusken bygelyks Wolvegea en Zwolle wurdt de reistiid sa'n tsien minuten koarter.

Bettere oansluting nei Grins

De sprinter wurdt ek in bytsje rapper, op de hiele rit tusken Ljouwert en Zwolle skeelt dat ien minút. Dêrmei moat der in bettere oansluting komme foar treinreizgers dy't yn Ljouwert oerstappe op de trein nei Grins.

Ek de intercity tusken Ljouwert en Zwolle moat sûnt april in minút sneller wurde, wat de oansluting mei de sneltrein fan en nei Grins better makket.

(Advertinsje)
(Advertinsje)