Súdwest-Fryslân drok mei ynrjochting kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert

Argivarissen binne drok dwaande mei it ynrjochtsjen fan it nije kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. Yn april 2019 waard bekend dat de argiven fan de eardere gemeenten dy't no Súdwest-Fryslân foarmje, trije musea en in biblioteek in plak krije yn it âlde stedhûs. De iepening fan De Tiid is letter dit jier, mar de biblioteek en it gemeente-argyf moatte al op 1 en 15 maart iepen.
© De Tiid
Gemeente-argivaris Jack de Vries lit witte dat it sintrum hieltyd mear foarm begjint te krijen. "IJs, weder en corona dienende" soe der dus yn maart al in part iepen kinne. "We zijn vorige week woensdag begonnen. Het is de bedoeling dat op 8 maart het grootste gedeelte hier staat. Alleen een gedeelte archieven dat in IJlst staat blijft daar voorlopig, omdat dit opgeslagen ligt in het gebouw dat nu als testlocatie voor de GGD gebruikt wordt."

Nijefurd no oan bar

It ynrjochtsjen fan it argyf is in poepetoer, want it giet om seis eardere gemeenten: Boalsert, Nijefurd, Snits, Wûnseradiel, Wymbritseradiel en Littenseradiel. Neffens De Vries binne Nijefurd en de foargongers fan dizze gemeente op dit stuit oan bar.
Yn totaal giet it om sa'n sân kilometer oan argyfmateriaal. "We hebben in totaal drie depots met een stellingruimte voor bijna tien kilometer. We hopen dat corona snel over is. Na de zomer zal hopelijk echt het meeste materiaal over zijn en dan zal ook de echte opening volgen."

'Laatste rustplaats'

It is in soad materiaal, mar dat hat ek te krijen mei de fúzjegemeente. De Vries: "Súdwest-Fryslân is in 2011 ontstaan uit een fusie van een aantal gemeentehuizen. Dat betekende ook dat gemeentehuizen dicht moesten waar archieven lagen. In Sneek was er geen ruimte voor alles. Daarom is het op verschillende plaatsen in en buiten Fryslân opgeslagen: Sneek, Dokkum, IJlst en Kampen. Na aan lange rondreis is het de bedoeling dat het hier nu een laatste rustplaats krijgt."
Neffens argivaris De Vries wurdt der no goed op it âlde erfgoed past. "Maar in het verleden is er wel veel verloren gegaan. Zo gaat het verhaal dat een flink deel van het archief van Stavoren is verdwenen. De burgemeester gaf lang geleden opdracht papieren van zolder te halen, hij las het door en wat niet meer nodig was dat liet hij vanaf de dijk in de zilte golven van de Zuiderzee verdwijnen. Dat is niet meer teruggekomen."
Gemeente-argivaris Jack de Vries
It gemeente-argyf fan Súdwest-Fryslân yn it depot fan kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Neffens De Vries leit der yn it argyf in skat oan gegevens. "Er is veel informatie bekend over de geschiedenis van Súdwest-Fryslân, mar ook nog veel meer niet. Het is een soort ijsberg. Onze taak is om het onder de aandacht te brengen." Der binne in soad minsken dwaande om harren famylje út te sykjen mei berte-, trou- en ferstjerakten. "Maar je kunt ook een stap verder gaan," seit De Vries. "Wij hebben hier bijvoorbeeld registers liggen zoals de Weesboeken."

Topke fan de iisberch

Der komt hieltyd mear argyfmateriaal online te stean, mar dat is ek noch mar it topke fan de iisberch. "Mijn ambitie is om nog veel meer te digitaliseren, maar dat is een kwestie van de lange adem en een kwestie van keuzes maken. Want het hele archief digitaliseren is eigenlijk onmogelijk."
Wat der fysyk oerbleaun is, komt dus no yn Boalsert. Yn De Tiid komt ek in publyksromte, mei in stúdzjeromte en auditoarium. Ek krije it Titus Brandsma Museum, It Gysbert Japicxhûs en De Oudheidskamer der in plak.
De Vries mei foarbylden fan wat der te finen is yn it argyf
It argyf fan de eardere gemeente Nijefurd yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort