Tal coronapasjinten yn Fryske sikehuzen tanaam fan 70 nei 80

29 jan 2021 - 10:30

Yn Fryslân lizze op it stuit 80 pasjinten mei it coronafirus yn it sikehûs. Dêrfan lizze der 19 op de intensive care en 61 op oare ôfdielingen. Dat docht bliken út de nijste sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland. Woansdei gie it noch om 70 pasjinten yn totaal.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It tal pasjinten op de intensive care is yn ferliking mei woansdei ôfnaam: fan 22 nei 19. It oantal pasjinten op oare ôfdielingen is lykwols aardich omheech gien: fan 48 woansdei nei 61 op dit stuit.

Yn totaal lizze der yn de trije noardlike provinsjes 55 minsken op de intensive cares. Fierder lizze der 111 persoanen op oare sikehûsôfdielingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)