FIDEO: Fryske gedichten op spegels yn hoareka; lêze ûnder it hanwaskjen

Mei Fryske gedichten op spegels yn de hoareka moatte toeristen in unyk fakânsjegefoel krije. It gedichteprojekt 'Wjerspegele' is op dizze lanlike Gedichtedei fan start gien. Ferskate dichters hawwe in gedicht skreaun dat op in spegel plakt wurdt yn de hoareka. Dat is no earst allinnich noch yn hotels. As de folsleine hoareka wer iepen giet, binne ek hjir Fryske gedichten te finen.
Sjoch nei de reportaazje
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn nije gedicht 'Spegel' foarme de ôftraap fan it projekt. De koarte literêre teksten fan 20 sekonden kinst lêze by it waskjen fan de hannen.
It is in projekt fan de organisaasje Ljouwert City of Literature en de marketingorganisaasje Merk Fryslân.