PvdD, D66 en SP wolle witte wat der oan Fryske natuerkompensaasje dien is

29 jan 2021 - 10:07

De Steatefraksjes fan de Partij voor de Dieren, D66 en de SP wolle fan Deputearre Steaten witte wat de provinsje sûnt 2013 krekt dien hat oan natuerkompensaasje. As der wichtige natuer ferlern giet foar bygelyks in projekt, moat dy natuer kompensearre wurde. Dat is sûnt 2013 regele yn it saneamde Natuurpact. De fraksjes wolle witte wat der sûnt dy tiid werklik útfierd is.

It natuergebiet Kop Bloksleatpolder - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Neffens de minister fan Natuer mei natuerkompensaasje net liede ta in 'netto verlies' oan natuerwearden, wat de omfang, kwaliteit en gearhing oanbelanget. Op papier is dy kompensaasje fan natuer meastentiids goed regele, skriuwe de fraksjes. Mar de praktyk bliuwt faak efter. Ek soe der bliken dwaan dat de kontrôle net goed genôch is.

Kontrôle

De fraksjes wolle witte hoefolle natuer der sûnt 2013 echt kompensearre is en om watfoar gebieten it giet. Ek hawwe de partijen noed oer de kontrôle, de fraksjeleden wolle witte troch hokker saakkundige en ûnôfhinklike buro's of ynstellingen dit bart. Fierder wolle sy ek witte hoefolle jild der oan de natuerkompensaasje útjûn is yn Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)