Provinsje fynt lek yn ICT-systeem troch advertinsje foar fiagra

29 jan 2021 - 16:44

Meardere ICT-systemen fan in útfieringsorganisaasje fan de provinsje Fryslân binne lek. Ut foarsoarch binne se offline helle. Foar safier bekend is der noch gjin ynbreuk makke op fertroulike ynformaasje, skriuwe Deputearre Steaten, mar der bestiet wol in databefeiligingsrisiko.

It Provinsjehûs fan Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Deputearre Sietske Poepjes oer it lek yn de ICT-systemen

Neffens deputearre Sietske Poepjes is it datalek fûn neidat der in fiagra-advertinsje ferskynde op in side dêr't it swimwetter yn de gaten holden wurde kin.

"Wy binne der fan skrokken dat it systeem net hielendal wetterticht wie. Dêrom krijt de boel no in update."

Alle provinsjes troffen

It giet om de systemen fan ynstitút BIJ12, dat wurket yn opdracht fan de tolve provinsjes. It lek sit yn databases fan natuerbehear, grûnwetter en in applikaasje fan subsydzjes. De befeiliging fan dy systemen wie kwetsber.

Hoewol't de systemen net rjochte binne op persoanen en foar in part om iepenbiere ynformaasje giet, soe in ynbreuk dochs persoansgegevens reitsje kinne, skriuwt de provinsje yn in brief.

Mear tiid kwyt

Guon applikaasjes binne dêrom net mear te berikken fan bûtenôf. Yn guon gefallen moatte de programma's hielendal opnij opboud wurde. Dat kin yn guon gefallen wol moannen duorje.

"Amtners binne no mear tiid kwyt", seit Poepjes, "mar it is no ek wer net sa dat ús dossiers no enorme fertraging oprinne."

Noch gjin spoaren fan ynbreuk

In ekstern buro ûndersiket oft der ynbraak op de systemen west hat. Foarearst binne der noch gjin konkrete spoaren fan ynbreuk fûn. BIJ12 hat wol in melding dien by de Autoriteit Persoonsgegevens.

"De saakkundigen sizze dat der nei alle gedachten gjin ynfo op strjitte kaam is. Mar dêr giet it net om, it giet om oerheidsgegevens dy't ôfskerme wurde moatte. In oar hat dêr gewoan neat mei út te stean."

(Advertinsje)
(Advertinsje)