Kollum: "Testosterontaarten"

29 jan 2021 - 08:17

"Nei it sjen fan de bylden fan alle rellen frege ik my ôf hokker omkoalen soks dogge en wêrom't se der sa'n aardichheid oan ha om har sa te tjirgjen. Want as it om in protest tsjin de jûnsklok giet en dus tsjin in beslút fan de oerheid, wêrom wurde der dan winkels plondere? Of ruten fan sikehuzen ynslein?

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

It testosteron fljocht earder in kant út as it sûne ferstân en BATS! Wer in rút stikken, in stien troch de loft en fjoerwurk dat ûntploft. Ik ha dan altyd sa'n begrutsjen mei plysjehynders dy't falle of op 'e kletter geane. Foar de lju dy't derôf donderje is it ek wol begrutlik, mar dy ha der sels foar keazen om by de plysje te gean.

No binne se hjoed-de-dei safolle mânsk, mar wêrom binne der noch gjin ûnferwoastbere Robocop-hynders? Dy't fjoer spuie en 100 pylken tagelyk ôfsjitte kinne mei ien druk op 'e knop. Dan smelt it testosteron fan dy mislike dweilen as snie foar de sinne en bliuwt de skea yn 'e maatskippij beheind.

De oerheid hat it dreech, want se kinne it fansels noait goed dwaan. Mar dat is ek al sa ast bygelyks yn de feestkommisjes sitst. Kinst noch sa dyn bêst dwaan om in moai doarpsfeest te organisearjen, der binne altyd lju dy't wat te mekkerjen ha. Ik ha sels ek wolris kommentaar hân, hear, omdat ik neat oan in bepaalde band fûn, mar dan sloop ik de feesttinte net! Ik gean nei hûs en jou my del.

Krekt sa't ik no doch! Dy jûnsklok hie om my ek net hoegd, dochs gean ik de dyk net út. Ik ha noch altyd grutte twivels oer it mûlkapke, mar doch him al foar as it moat. Ik jou my dêr ek by del en hoopje dat it helpt it firus ûnder kontrôle te krijen sadat de bedriuwen dy't sletten binne ek wer iepen kinne.

It ôfrûne wykein seach ik ûnder it deljaan in programma op RTL Z oer taarten en dêr kin ik sa fan genietsje! In frommeske út Ingelân hie in libbensgrutte taart fan Freddie Mercury makke en dy wie werklik prachtich! Se hat der twa wiken mei oan 'e gong west en doe moast er noch fan 'e keuken nei it feest. It wie sa spannend, ik siet op it puntsje fan de stoel!

Tegearre mei har man en soan krigen se it swiere, mar ek kwetsbere keunstwurk bûten en doe begûn it te reinen! Panyk fansels, dochs krigen se him sûnder skea yn de frachtwein. Nei in senuwslopende race tsjin de klok kaam Freddie úteinlik goed teplak en koe ik ek wer sykhelje. Sadwaande kaam ik op it idee dat it wol in goede straf is om dy rebûljeskoppers hiele grutte taarten meitsje te litten, foar de dupearden dêr't se de boel fan fernield ha.

Under it meitsjen en bakken, mei begelieding fan helpferlieners en nochtere bakkers, leare se teminsten wat én binne se kreatyf dwaande. De ferhalen komme dan grif wol los en tagelyk binne se fan 'e dyk. Neidat se al dat moais makke ha en grutsk binne op harsels, moatte dy taarten noch wol ferfierd wurde en dan wurdt it echt spannend.

Want op it momint dat se de hearlike taarten sûnder skea nei bûten brocht ha, stiet der in groep beukers klear dy't de keunstwurken bekûgelje mei stiennen. En wylst in pear flinke plysjehynders de taarten dêrnei ûnder skite en fertraapje, soe ik de sneue koppen fan dy wappys wolris sjen wolle. Neffens my is soks in hiele goede les en tagelyk smyt it moaie telefyzje op foar de lju dy't har wol gedrage kinne."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)