Tilster metaalbedriuwen stake foar bettere cao

29 jan 2021 - 07:22

Meiwurkers fan Stertil en Biddle yn Koatstertelle lizze moandei it wurk del. Yn de estafettestaking foar in nije cao yn de metaalsektor is it de sechsde staking op rige.

Stertil - Foto: Omrop Fryslân

Neffens FNV-bestjoerder Wilma Nieveen is it leanbod fan de wurkjouwers sa leech dat alle meiwurkers der flink op achterút geane. "Werkgevers vragen van hun personeel maximale flexibiliteit en daarmee doen zij een zwaar beroep op hun gezondheid. Zij willen het verplichte aantal overuren uitbreiden en willen de werkdag, zonder overleg verlengen naar 9 uur." De meiwurkers fan beide bedriuwen lizze dêrom 24 oeren it wurk del.

By Biddle meitsje se fentilaasjesystemen. It memmebedriuw komt út it Feriene Keninkryk. Yn Koatstertille wurkje der sa'n 65 minsken. By Stertil wurkje sa'n 230 minsken, fan wa 80 yn de produksje. It bedriuw makket produkten foar de transportwrâld.

Meiwurkers fan Biddle woene ferline jier ek al aksjefiere, omdat it memmebedriuw reorganisearje woe. Uteinlik waard der wol in akkoart berikt. "Maar het vertrouwen in de werkgever is wel beschadigd", sei Nieveen doe.

Staakstrjitte yn Jistrum

Moandei is yn Jistrum in 'staakstrjitte' fan de fakbûnen. De stakers kinne dêr har stakingspapieren trochjaan troch in raamke. By de cao metaal giet it yn om sa'n 160.000 minsken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)